GOD’S Wurden, dy’t ik HIM yn ferskate Fizioenen, Dreamen en yn Gebed
Sizzen heard haw,
kinne Jo op dizze side lêze.
Dêrmei jou ik jo oan dat de LIBBENE GOD der is wat HY Wichtich fynt.
Myn bedrage is it Iepenbieren fan myn persoanlike bân mei de Libbene GOD.
It is in bân, dy’t fuortkomt út myn bernetiid en GOD is dêrmei - ek
al fergeat ik HIM geregeld - altyd yn myn libben west.
Foar myn earste Tjerkegong krige ik al yndrukken - Fizioenen - fan in
oare Wrâld.
Sûnder dat ik it wist, wie GOD doe ek al oanwêzich yn myn libben.
GOD is leafdefol, Goed en Geduldich en
lit it op 'e juste mominten witte dat HY oanwêzich is en jo helpt.
GOD'S kommen, hie ik yn 2010 op dizze webside beskreaun en it " de
Tsjerke " neamd.
Yn de nacht fan 30 op 31 maaie 2012 kaam GOD by my en fertelde dat
ik SYN Komst
" DE IEPENBIERING "
nimme moast. GOD hat my doe ek witte litten, dat it 47 jier lyn wie,
doe’t HY foar it earst, foar my fan boppe kaam.
GOD lit my mei dit Antwurd - mear dan twa jier nei dato -
witte, dat HY alles op SYN Tiid docht. Sa ek mei it Fizioen oer it ûntstean fan de Ierde.
GOD ljocht op 1 oktober 2011 in stikje fan de wale op en jout yn it
foarjier fan 2015 in antwurd op myn fraach, sa’t jo lêze koene yn it ûntstean fan’e Wrâld. No, de site online is, moat ik dus sa no en dan
de oan jûne Fizioenen of de diene útspraken her skriuwe of dingen
tafoegje.
Nimt net wei dat troch it herskriuwen en tafoegjen der in wierheid getrouw byld
te foarskyn komt.
Yn myn jeugd binne der moaie mominten dat GOD fan HIM hearre lit , de
yndrukken joegen - no’t ik der oer neitink - altyd in fertroud gefoel
.
GOD ferdwynt hast hielendal nei de eftergrûn - wat HY Sels woe - as ik
in jier of santjin wurd en Myn libben in hiel oare - ik wurde wylder -
kant út giet .
Troch dat wyldere libben belânje ik úteinlik foar in pear moanne yn de
gefangenis en de Duvel kaam der echt yn myn libben.
Dêrmei gie yn ferfolling wat de Duvel seit yn it Fizioen " De
IEPENBIERING "
De dreechste jierren fan myn libben begûnen.
De Duvel soarge foar de Geasten, dy' t my dreech makken.
Net allinne de Geastenwereld mar ek de Geast fan in protte
Ierdse minsken wie fijjannige.
Yn dy tiid wie "de Libbene GOD", sa no en dan tichtby en dat hulde my
- al wie ik yn it begjin lilk, poer op HIM - oerein .
Mei dy tichtens - JEZUS liet it GESICHT oan my sjen - wist ik dat ik
nei de Tsjerke gean moast en my by harren oan slute , - wat GOD, doe
ek tsjin my Sei - mar dêr hie ik gjin boadskip oan. Ik wie opstannich en
koppich en skamme my foar it leauwen .
Yn de rin fan' e tiid wurde ik faker oansprutsen troch de Geastenwrâld –
wêrûnder myn Mem - om nei de Tsjerke te gean, mar ik bleau der
gruttendiels oan fêst - sa no en dan gong ik - hâlden en sa gongen de jierren foarby.
Oan it ein fan 2009 en begjin fan 2010 wur ik earst herinnere oan
Fizioenen ût myn bernetiid.
GOD'S Stim komt dan út 'e loft en seit;
" DO WIST IT "
Yn it oantinkens
Fizioen fan " de Bakkerij " kinne jo lêze hoe’t GOD HIMSELS Manifestearre op
in Snein yn de jierren sechstich fan de foarige iew.
Wat je net op Snein dwaan moatte, waard my dúdlik makke .
Yn it oantinkens Fizioen fan " it KRISTUS Krús " kinne jo
lêze hoe’t JEZUS by my
komt op ± 15 jierrige leeftiid, as ik my fernuverje oer it âlde
GESICHT wat HIM jûn is op in brûnzen Krûsbyld .
As je wrakselje mei ferslaving ôf jo ha oare swierrichheden, dan
kinne jo GOD om help freegje.
De help dy't ik krige yn 'e rin fan myn libben, - MARIA , KRISTUS en
fan harren dy't út SYN namme
kamen - besykje ik hjir te beskriuwen.
Om help freegje kin op ferskate wize. De
bêste metoade is nei in Tsjerke gean om te (oan)bidden. Mei it (oan)bidden wurdt bedoeld dat men
op'e knibbels giet, in Krús slacht en it " Ûs Heit " bid .
Men kin nei it bidden efkes yn stilte wachtsje of GOD Jo antwurd jout
.
Is de Tsjerkegang - yn ferbân mei jo prille relaasje mei GOD - wat te
heech grepen,dan kin men it dwaan lykas Franciscus fan Assisi.
Franciscus pakte de Bibel en frege oan GOD, of HY him antwurd jaan woe
op syn fraach(en) .
Dêr nei sloech hy de Bibel iepen en begûn dêr te lêzen wêr't syn each as
earste op foel, of nei ta lutsen waard.
No’t ik dit ôfslute wol en ik net wit wat ik
sizze moat, pak ik de Bibel en freegje GOD, hoe’t HY ôfslute wol.
Ik slach de Bibel iepen by Bibelboek Numeri, Haadstik 16 en begjin te
lêzen oer hoe’t GOD foar Mozes ferskynde, want it Folk hie
SYN Lilkens opwekke en HY woe de minsken deadzje, dy't yn opstânt
sjin Mozes en Aäron kommen wiene.
Mozes besocht GOD op oare gedachten te bringen, mar de pleach wie al
begûn en stoppe pas nei tûzenden deaden.
Nei it lêzen gean ik op'e knibbels en betankje GOD, in hearlike waarmte
komt binnen yn my en ik fiel dêrmei SYN oanwêzichhyd.
It lytse stikje brocht my neidat ik it noch in kear lêzen hie, efkes
yn’e tiis; in wraaksuchtige GOD , dy’t dea en verderf sjide.
Ik wist net wat GOD my sizze woe, dus bin ik wer op’e knibbels gong
en frege wat ik hjir mei oanmoast.
En doe krige ik in waarm gefoel fan binnen en dan wit ik wat ik
dwaan moat ; de opstânt sjin Mozes lêze.
En dan sjoch ik
wat foar in man Mozes
wie en wat GOD my dúdlik meitsje wol.
De "
Tsien Geboden " en de Fizioenen fan " de Frede " en " de Krystman "
fine Jo troch op
" Ûs HEIT " te klikken.
Yn it
Fizioen" JEZUS KRISTUS " kinne jo lêze hoe´t HY ZICH oan my sjen liet. |
GOD'S Antwurden oer Mohammed en de Moslims kinne fûn wurde op; GOD.
Moslims
GOD Wol gjin komma of in skeane streek der tusken.
GOD Wol dat ik er in punt tusken set, dus GOD. Moslims
|
|