GODtichtby

JEZUS KRISTUS

Dit Fizioen fûn plak op it âlde Boekweitpaed nr 11 te Oerterp .
Ik wie doe ± 26 jier âld.


It wie jûn en ik stie yn de keuken myn iten te sieden.
Yn ienen wurd ik oan beide kanten fêstpakt troch minsken - stallen - en foar it gasstel holden.
Dan ferskynt der in grut Boek foar my dat iepen giet.

It GESICHT fan JEZUS KRISTUS ferskynt en ik sjoch nei HIM, mar slag dan de eagen del.

Op dat stuit hearde ik HIM Sizzen : " IK BIN JEZUS KRISTUS "

Ik sjoch HIM oan en antwurdzje HIM nei de tiid Geast fan doe en sei : " dat is moai foar dy "
HY Sjocht my oan en dan komt der in glimke troch op ZYN GESICHT' en ik sjoch parelwitte tosken.
It boek giet ticht en de minsken om my hinne ferdwine.

Dit Fizioen kaam op in wichtich momint, ik koe it net lang mear folhâlde.
Myn oanhâldend gefjocht tsjin de stimmen wie ik oan it ferliezen en doe' t KRISTUS kaam, krige HY dan ek in opstannich antwurd, wat op dat stuit paste by myn stimming.
HY koe der om laitsje en wie net Beledige, want HY wist as gjin oar, hoe’t ik der op dat stuit foar siet.

HY wiisde my mei SYN Ferskining op wat der yn myn jeugd yn de Tsjerke bart wie en dat ik dêrmei wist wêr’t ik wêze moast.
Yn dy tiid haw ik in blauwe moandei foar it iten bidden, mar nei’t Tsjerke gean woe ik net.
Dus, it duorre net lang of ik foel wer yn’e sompe werom en wa’t my dêr in hantsje by holpen hat sil jimme dûdlik wêze.

JEZUS KRISTUS

Dit Fizioen fûn plak op 14-6-2014 op it Boekweitpaed 25 te Oerterp


JEZUS is yn ienen by my, as ik om 1 oere s’middeis mei de strjittegels efter hûs op it boekweitpaed 25 dwaande bin.
Ik stean rjochtop en skrik - ik wist foar in momint net wat it wie - as ik de ferskining waarnim. Ik krij - dizzekear - ZYN GESICHT net te sjen en dochs - ik sjoch net echt in stal - “sjoch” ik HIM.
JEZUS is oan de lofter kant nêst my en lit ZICH oan ien sjen wêr’t ik tsjûge fan wêze mei.

Der komt in man foar my en skier sjoch ik it gesicht fan in âldere kealjende man mei bril en wyt griis krollich hier boppe syn earen, dy't him oandien ta KRISTUS keart.
Ik hear him mei in soad leafde sizze : " O Heare, JEZUS "
En efkes letter, dat er JEZUS in echte man fûn.
Ik Hear JEZUS - ticht by my kommend - dan Sizzend ;

" IK WOL DEI WITTE LITTE DAT IK ER BIN.

Even sjoch ik in Wite Ferskining, dêr’t ik in Enoarme Leafde, Goedens en Persoanlikheid by fiel. .

En dan is it fuort.
It noflike, rêstige en kalme gefoel bliuwt noch even by my.


 

Werom