GODtichtby

 

Dit Fizioen krij ik op in parkearplak by in supermerk oan it roggepaed yn Oerterp.


Ik stean tusken de auto’s en SYN Wurden

 

 

 

 " DO WIST IT "

 

 

 

 komme mei Krêft fan boppen .

 

Ik ûnderfyn - sjoch - it noch altyd foarmy, mar kin net mei wissens sizze wêr it wie.
As ik yn myn bidden freegje wêr’t it wie, bliuwt it sa goed as stil.
Ik sis sa goed as, want der wurdt oan jûn dat ik it ferwurkjen mei / kin yn de twa Fizioenen, wat ik yn earste ynstânsje ek doch .
Mar ik krij der net in goed gefoel by, der mist wat.
Dêrom bin ik op in moarn yn’t moarns Gebed wer mei de fraach nei HIM ta gien en GOD lit my dan witte wat der barde.

 

Ik hear GOD fan in ôfstân Sissen ;

 

 

 

" DIT FIZIOEN LIT IK HIM GRUTTENDIELS FERJITTE, IK WOL WITTE WAT ER DER MAAI DOCHT "

 

 

 

Ik bin wend om de wierheid te sizzen, en dêrmei ek te skriuwen, dus wurd alles opskreaun, sa't it my op dat stuit yn't sin brocht wurd en yn Gebed oanjûn wurd.
Dat der dan wat mist of mis is, wit ik, mar salang as der dan gjin antwurd komt, bliuwt it sa stean.

 

GOD sil it my jaan as - HY it wol - it tiid is.

 

 

 

 

 

Dit twadde Fizioen kaam der in skoftsje letter efteroan.

 

Ik stean op’e oprit njonken it hûs, tichtby myn auto en GOD'S Stim kaam fan boppen en ik hearde de wurden :

 

 

 

" DO WIST IT " en " WÊROM DOCHSTO IT NET FOAR MY ".

 

 

 

Ik rûn nei binnen en - in ferhearde stim melde dat ek - haw my stil hâlden omdat ik wol wist dat ik der net klear foar wie.

 

No bin ik op’t paad .

 

 

Werom