| Dit Fizioen foan plak op de haadstrjitte yn myn 
			berne doarp Oerterp, doe’t ik de leeftiid fan ± 8 ier hie. 
			It wie by ús thús de gewoante om op snein de skuon fan myn omke 
			Johannes te poetsen, as er by ús wie .Wy diene dat graach, myn bruorren en ik want dan krigen wy altyd in 
			kwartsje.
 Sa ek dizze Snein wiene myn âldere broer Gjalt en ik oan it poetsen west 
			en it kwartsje brânde nei dy tiid yn’e bûse .
 By ús yn it doarp hie men yn dy tiid bakkerij 
			Geertsma  ( no haadstrjitte 84 ) dêr’t je snobbersguod 
			út in automaat helje koene.
 Myn broer en ik dravend nei de bakkerij.
 
			Underweis dêr hinne - op de mounestrjitte - komt in Stim rjochts 
			foar my yn´e wolken - 
			de Duvel - , dy' t ropt : " hey, hy sil wat keapje op Snein " Rjochts in bytsje skean efter my hear ik GOD Sizzen;
 
			  
			  
			  
			" IT MEI WOL FAN MY " 
			 
			  
			  
			Ik draaf troch nei de snobbers automaat en kies wat lekkers.
			 
			 
			
			As ik it snobbersguod der út helje en it lûkje ticht doch, is GOD - 
			ik sjoch dizich in man die freonlik anfielt - oan 
			de rjochterkant by my en wy sjogge hoe’t de hân fan de bakkerfrouw nij snobbersguod yn de automaat docht. 
			   Ik hear GOD Sizzen ;  			  " DOCH HAR BY MY " 
			   en ik koe oan ZYN STIM 
			Hearre, dat wat se die op Snein net de bedoeling wie. 
			  
			GOD praat mei 
			har, wat ik net hear en oan’t  ein hearde ik GOD Sizzen :  
			  
			  
			   " O , ZIT DAT SA " 
			           Doe rjochte HY it Wurd ta in oar en HY Sei;  
			           " SOARCHJE DER FOAR " 
			.          
			
			 
			GOD Rjochte ZICH doe nei my en Sei : 
			 
			  
			  
			  
			" DIT MOAST STO WITTE ; GJIN JILD FERTSJINJE OP SNEIN, DER BIN IK OP 
			TSJIN ". 
			  
			  
			  
			Doe’t HY stadich by my wei gie - yn de loft Omheeg Sweefde - hearde ik 
			HIM tefreden Sizzen; 
			  
			   " HY SIL IT SE FERTELLE ".       Dan springt de Duvel foar my en seit laitsjend , " wat sil ik dy te 
			pakken nimme "Ik wurd der kjel fan en de Duvel laket en ik hear him tsjin GOD sizzen; 
			" ik maaitsje him al ûnwis"
 
 
			GOD'S nije oanwêzigens makket my rêstich as ik HIM Sizzen hear; 
			 
			  
			  
			  
			" JA DAT IS ER, MAR HY SIL IT DWAAN." 
			 
			  
			  
			  
			en fuort wie it.
 Wat GOD doe destiids tsjin de bakkersfrou sein hat, dat wit ik net , 
			mar HY liet wol sjen dat HY in beslissing nimme kin yn in elk libben 
			.
 It nei foaren bringe fan de Duvel, dat er my te pakken nimme soe, wie in " 
			foarschouw " fan wat der komme soe.
   
			Doe't ik in jier of santjin wie krige ik op in sneinte middei it 
			folgjende Fizioen. Ik hie in pakje sjek út in automaat kocht en doe' t 
			ik fuortrûn de haadstrjitte yn, rjochting de boppe beskreaune
			bakkerij, kaam de Duvel oan de lofter kant, skean foar my.Ik hear de Duvel sizzen ; " Dêr komme gjin minske hannen oan te pas ".
 Ik antwurdzje him dat myn hannen dochs minske hannen binne.
 Dan komme der GODDELIJKE Minsken fan boppen - foar my - en dy' t myn antwurd prachtich fine .
 Doe tocht ik, dat it hiele Fizioen fan’e Duvel kaam en dat ik der om tinke moast der gjin leauwen oan te jaan.
 No tink ik dat de Duvel de saak - it Fizioen " de bakkerij " - nei syn hân sette woe.
 
 GOD wie / is dúdlik oer de snein, do hast seis dagen de tiid om dyn 
			brea te fertsjinjen .
 De Snein heart in rêstdei te wêzen, die heart HIM ta.
 En dat wist ik, mar hastig wie ik net .
 GOD moast it - yn 2010 - faker oan my witte litte wat de bedoeling 
			wy, want ik helle op Snein noch 
			hieltyd myn kofje en snacks by benzine pompen en brûkte ek noch 
			gewoan myn foarsjenningen.
 Ik hie muoite om der mei op te hâlden, oant op in Sneintemiddei, 
			doe' t ik efter de pc siet .
 Doe kaam der ien fan " boppe " dy' t neist, skean foar my, kaam te 
			stean en my op in fûle toan frege of ik
 him - de pc - no út dwaansoe of net ?Ik moast der efkes oer nei tinke en ha it doe dien. Sins dy tiid die ik 
			- fjouwer jier lang - op Snein alles út 
			.
 
 GOD wie in kear op in Sneon temiddei oanwêzich, doe’t ik my klearmakke - o.a. wetter yn jerrycans klear sette 
			- 
			foar de Snein. GOD wie tefreden oer myn wurk.
 It gas en wetter en de elektrisiteit skakelde ik krekt foar de Snein út 
			.
 De websiden - ek ien fan myn bouwwurksamheden - hie ik dan al fan it 
			internet helle en ek de mobile telefoan gie út.
 Myn iten makke ik - of op sneon - mei in campinggasstel en jûns makke 
			ik ljocht mei kjessen, gaslantearns  of boeslantearns.
 In gaskachel soarge foar waarmte en wetter om dy te waskjen en foarde 
			wc stie klear yn jerrycans .
 No wurket der gjinien mear foar my op Snein.
 As ik yn' e Tsjerken kom dan wurkje der wol minsken, dêr brânt de 
			kachel, it ljocht en it wetter rint foar de kofje en de wc .
 Dêr is men ferjitten wat de bedoeling is, dy Tsjerken der litten die 
			harren eigen foarsjenningen hawwe.
 
 .
 
 
			Ik tocht earst de takomst op Snein yn te gean mei in sinnepaneel of 
			flûsteraggregaat en in gasoansluting op de cv sadat der in gasflesse 
			oankeppele wurde koe, mar ik wit no wol better. 
			   
			De GODLIKE manear om enerzjy te generearjen ,  '' De Wynfanger '', sil 
			yn de takomst de wichtichste bydrage leverje oan 'e  Enerzy 
			foarsjenning.  
			De gasflesse en flúster aggregaat sille foar it grutste part ferdwine 
			.
 
				
					
						
						
						
						Alles sil wurkje op elektrisiteit of yn kombinaasje - 
						frachtskippen mei seilen en elektromotoren - dêrmei. 
					  De Sinne, Wetter en Wyn sille der foar soargje dat der 100 % skjin 
			produsearre Enerzjy, brûkt wurd.
 
 
 
 
 |