GODtichtby

      It KRISTUS Krûs 

Dit Fizioen fûn plak yn it âlderlik hûs te Oerterp, doe’t ik de jierren hie fan ± 15 jier.


Op in middei naam ik it krús, wat altyd  boppe de doar hong yn de wenkeamer fan’e muorre .

It wie in Krûsbyld, dêr’t KRISTUS op ôfbylde is yn it brûns .
Ik wie nijsgjirrich hoe’n GESICHT, HY hie en doe’t ik it fan tichtby seach skrok ik.
Yn gedachten sei ik; wat ha se DY in âld GESICHT jûn, want ik wist dat HY in soad jeugdiger wie, doe’t it barde .
Der komt in man yn it grien klaaid  " fan boppe " en giet lofts foar my stean, hy sjocht nei boppen ta en dan hear ik ien freegjen of er komme mei.
De man foar my seit; " kom mar jonge "  Doe kaam KRISTUS fan boppen - sa tocht ik - en gie troch it Krûs en HY Sei lyk foar my ;

 

 " DÊROM HA IK IT SE VERBEAN " .


En fuort wie HY.
Doe’t it byld fuort wie en ik my omdraaide, hearde ik ien laitsjen die sei dat ik it leauwe soe. De duvel besocht wer twadracht te siedzjen.

Dit Fizioen kaam begjin febrewaris 2010 yn in bliere foarm wer by mei.
Om fiif oere s 'moarns waard ik wekker en de selde ferskining - KRISTUS -wy boppe my .
HY kaam nei my ta en wie bliid dat HY mei de befêstiging jaan koe.
ZYN GEAST wie efkes yn my en ik krige in hearlike waarmte, dy’t har ferspriede yn myn boarst.
It duorre mar in pear tellen en doe wie HY der wer út .
Doe’t HY wer nei  boppen gong wie HY noch altyd bliid mar ek ferwûndere dat ik op bêd lizzen bliuw en dat hearde ik HIM Sizzen tsjin SYN HEIT.
Ik koe GOD Sizzen hearre dat it noch net hielendal tiid wie, mar ik koe net alles hearre wat der sein waard.
Yn myn bidden binne sa no en dan myn ferstoarne Heit en Mem - yn in koartmomint - oanwêzich en sa barde it ek yn dit Fizioen.
Miskien wie it wol wat te folle fan it goede en dat ik dêrom lizzen bliuw.
Yn elk gefal waard myn twivel mei it fuortdwaan fan de MARIA bylden op dizze wize oplost, al moat ik sizze dat de twivel dy' t de Dûvel oan it siedzjen wie, toch noch hiel tyd yn my siet .
Yn de ûndersteande Fizioenen lêze jo wêrom .
 

 

De MARIA Bylden

 

Yn in fakânsje kaam ik yn in Tsjerke - Nijmegen of Zwolle - en dêr koe'n jo in kaartsje mei nimme mei  MARIA ôfbyldingen derop .Tinzelis naam ik it mei en stie der fierder net by stil .
No bin ik immen dy’t in protte fan sok soarte guod bewarret en letter yn dat jier foel myn each op it kaartsje .
MARIA stie allinne of mei KRISTUS as bern ôfbylde.

Dêr waard ik troffen troch de ferskillende Gesichten,13 om krekt te wêzen .
Doe’t ik my dêr wer oer fernuvere, hearde ik in sêfte stim tsjin my sizze, dat it dêrom ferbean wie. Do hearst it, mar dochst der neat mei totdat ien dy freget om in MARIA byld, ik hie der 3.
.
De man frege it foar syn frou, dy’t op myn oprit stean sjoen hie en harren der troch oanlutsen fielde .
Ik fertelde de man dat it altyd yn’e tún stie, mar no’t ik oan’t ferhúzjen wie se even in oar plak krigen hiën.
Hy woe it byld graach hawwe en woe der ek wol foar betelje .
Ik woe der gjin jild foar hawwe en nei in twivel fan myn kant koe der it byld sa mei nimme .
Doe't wy it iens wienen, kaam it petear op it meitsjen fan dy bylden en ik fertelde him, wat de sêfte stim út de oare Wrâld my ferteld hie, wy mochten gjin ôfbyldingen meitsje .
Hy begûn fuortendaliks oer de Roomske Tsjerke mei de ôfbyldingen en ik koe it allinne mar beame.
Ik seit tsjin him, dat ik ek dôfhûdich wie, ik makke se net, mar kocht se wol.
Om koart te gean, hy gong fuort mei it byld en ik hie dochs in pear dagen spyt - omdat ik eins wol better wist - fan myn dôfhûdichhiid.

Yn it petear mei de man, tocht ik net oan it Fizioen út myn jeugd fan " it Krús , dat Fizioen wie ik al lang fergetten .
Mar dan komt it momint dat KRISTUS my lit tinke oan it Fizioen en dan wit ik dat ik nei de man ta gean moat.
Ik haw him op syn wurk opsocht en sein dat ik in befêstiging krige hie.
Hy wie der net bliid mei, want syn frou en in freondinne wiene ynnommen mei it byld .
Ik haw him sein, dat hy mar sjen moast wat er mei dizze ynformaasje die.
De beide oerbleaune MARIA bylden ha' k stikken slein en dêr krige ik gjin goed gefoel by.
Ik hie der spyt fan, mar ik die it mei ZYN Wurden yn myn tinzen.
En no in hiel skoft letter, besef ik dat der wol mominten wiene fan HAR oanwêzichheid.
As je soms nei de bylden seagen of der tichtby kaam, dan waard je mei leafdefolle waarmte omsletten.
Wêr’t se ek stiennen yn in Tsjerke of yn'e tún, it makke neat út, dy mominten wiene der.

Mar der binne ek oare mominten west, wêr’t MARIA en JEZUS my ta roppe, sa jo lêze kinne yn de ûndersteande Fizioenen,

 

" MARIA " en  "  De bradery

.

En dat skept betizing gjin ôfbyldingen meitsje mar jo kin der wol troch roppen wurde.
Dêr komt noch by dat ik JEZUS net kent hy as ik gjin ôfbyldingen fan HIM sjoen hie .
As ik mei myn fraach oer it MARIA Fizioen wrakselje en my nei boppen rjochtsje krij ik 1 konkreet antwurd.
In sêfte frouwe stim wiist my der op dat de Libbene GOD de Duvel folle tastiet en wêrom soe HY it

Har ( MARIA ) dan net tastean om dit sa te dwaan.
Doe’t ik yn 2013 socht nei ôfbyldingen fan GOD op ynternet, kaam GOD efter my doe’t ik der 1 fûn hie en ik hearde HIM Sizzen;

 

" DAT BIN IK "

 

Ik sjoch in âldere MAN mei in lange wyte burd en lang wyt hier. GOD hat in ljocht creme kleuriche Pei oan en in staf yn de han.


GOD lit my sa witte dat der dus - foar my - in goeie ôfbylding fan HIM op ynternet is.
En dêr komme de twa Fizioenen- it earste doe ' t ik ± 15 jier wie en it twadde begjin febrewaris 2010 - yn in oar ljocht te stean .
Yn it Duvelse deiljocht wol te ferstean.


GOD lit wer oan my sjen dat de Duvel altyd oanwêzich is.