Sa no en dan gong ik nei de nachtmis yn de Roomske Tsjerke yn
Drachten.
De mis waard drok besocht en allinne foaryn de Tsjerke wie noch
plak.
Oan it ein fan de nachtmis wol ik neibûten ta rinne en ik moat in
flink ein troch de drokte.
Ynienen hear ik in frouwe Stim dy ropt : " KOM HJIR HINNE JONGE" en ik
fiel in waarme leafde.
Myn oandacht wurd lutsen nei de MARIA kapel dêr’t in stiennen byld
fan HAR stiet .
Op dat stuit stie ik yn twivel, ik moast troch in protte minskin myn
wei nei de kapel - wat eins gjin kapel is - sjen te finnen en dat
makke my bang, dus haw ik it net dien.
Ik ha yn de tiid nei dit Fizioen der net oer neitocht en hoe gek it
ek klinkt, ik wie it al reedlik gau wer fergetten, ta fan’e wike.
De sêfte stim fan in frou wiist my s'moarnsbetiid - maitiid 2010 -
mei in soad leafde op it Fizioen.
Werom
|