Dit barde yn de heechste klasse fan de legere skoalle .
Sins myn jonge jierren haw ik lêst fan de bloedfetten hân .
Doe' t ik yn in bus siet dy’t ús fan it skoalswimmen - yn in bûtenbad te
Bakkefean - werom brocht nei Oerterp, beseach ik myn blau reade ,troch de kjeld befongen earms .
It hier stie rjochtop en wylst ik seach, hearde ik twa
stimmen foar my.
Der waard sein dat ik lêst hie fan dy bloedfetten .
Ik hearde GOD sizzen : " IK DOCH ALLES YN IEN KEAR "
Der waard mear sein oer wat oars en doe wie it fuort .
Doe’t ik net folle letter begûn mei it roken, en wer wat letter
mei drinken, krige ik der yn de rin fan de jierren mear lêst fan .
It ferblikken fan’e hannen -reade flekken- waarden de foarboaden mar
ik gong gewoan troch, in hiel skoft troch .
Oant it stuit komt dat je der genôch fan hawwe, fan dy sa no en dan
reade holle en de kâlde reade hannen en fuotten. Dat moatst ophâlde.
En myn earste besykjen om te stopjen -van de tabak - wiene tige goed , ik koe der
fan ôf bliuwe, wiken, moannen .
Mar myn ûnferskillichheid en de ferfeling op feestjes brochten my al
gau wer oan't roken.
Wat my yn earsten reedlik maklik slagge woe letter net mear, ik
koe der wier net mear fan ôf, fan de filter sigaret.
It tal fan opnij besykjen rûn yn' e tsientallen en yn it lêst waard
elk besykjen troch elkenien mei genokker ûntfongen .
Yn dy lêste faze wie ik - as ik wekker wie, hast konstant oan't
Roken .
Bytiden kaam GOD my doe te Hulp, ek al wist ik dat doe net.
In frou ût SYN Wrâld soarge der foar dat de bloedfetten yn'e
hannen, iepen bliuwen .
Op in nacht komt Se mei in man by my en seit tsjin Him: doe moast
se wol foar him iepen hâlde .
Dêrnei begjinne mei de hannen te gloeien, waarm te wurden.
No't ik dit skriuw, betank ik GOD - dy't ik hast ferjitte soe - en
ik betankje de MEM en de SOAN noch in kear.
Troch in soad te sporten, koe ik myn bloedfetten ek in bytsje
iepen hâlde, mar dat wie net genôch .
Want op it ein sit ik mei bloedleaze kâldefingers op de
bouplakken. Der moast wat barre, mar ik koe sa't ik al sei, der net fan ôf bliuwe.
Myn roken en yn mindere mjitte, it drinken by it itensiede - yn de
lêstejierren - naam ekstreme foarmen oan.
Op in
bepaald stuit haw ik GOD om hulp frege,
want sa koe it net trochgean.
Ik bin op de knibbels gong en ha bidden. Dat wie yn oktober /
novimber 2003 op it âlde Boekweitpaed 11
En dan wachtest en rookst twivelriedich troch oant
it begûn te daagjen .
Do moatst sels begjinne, dus in datum sette, in
tradisjonele dizzekear .
Sjin tolve oere yn' e nacht - 2003/2004 - bin ik stoppe mei it
roken.
En dan wist dat jo troch GOD holpen wurdst .
De útwrydske langst nei in sigaret wurdt alle kearen wer troch GOD timpere en
wei nommen .
Ik hear GOD in pear kear yn my, op'e hichte fan myn hert, in
it midden fan myn ribbekast Sizzen ;
" IK LIT DY WITTE DAT IT GEFOEL, IK ÛT DY HELJE "
En sa stopje ik, geweldich. Einlik slagge
it , mei ZYN Hulp.n
Ik
bid
en tankje GOD
|