GODtichtby

Wat ferljochting

Dit Fizioen fûn plak op it âlde Boekweitpaed nr 11 te Oerterp , ik wie doe ± 29 jier âld.

De oanfallen út it deaden ryk wiene net mis, it wie in gean en kommen fan Geasten.
Faak waard ik moarns wekker en dan wiene se oant sjongen , fansels nûmers, dêr' t ik neat oan fûn.

It wie 24 oeren deis, oanwêzich en dêrmei waard der konstant druk op my útoefene, dy’t dyn tinzen yn'e macht hie, yn beslach naam en dat makke my apathisch.
It waard hieltyd feller, dy’t tsjin wurkingen en dêrby hieltyd drokker yn en om’e holle, sa dot ik in protte nachten trochwaakte, oant de ljochtsjende moarn ta.
Ik hearde op in bepaald momint de Duvel sizzen;  " ik bin de hiele wrâld oer west en ha de depressyfste en meast gestoorden dy ik fine koe by him dien ".
Dat wie te fielen.

Op ien fan dy nachten s' moarnsbetiid kaam GOD mei mear minsken fan boppen en naam in pear fan de slimste Geasten út my wei.


Ik hearde GOD Sizze ; " DEZE MOATTE DER BY WEI , OARS DOCHT ER IT ."

 

Ik wist dat ik it oars net rêdde soe en mysels wat oandwaan soe.
En sa stadich mar wis - nei jierren - binne se allegearre troch HIM derút helle,wêrfoar

ik GOD - net genôch - Betankje.
Hearre doch ik se sa no en dan noch wol, mar se hawwe net mear dy ynfloed - se nimme net mear besit fan my - as doe.
De Duvel  kin noch altyd - GOD stiet it him ta – komme en dy ferkearde dingen dwaan, tinke litte.
Jo matte der dan ik om tinke, wêr’t je tinzen hinne reizgje en wêr’t je yn mei gean.
As ik mysels - wat ik wol ek ris dwaan moast, as ik yn in auto ûnderweis wie - ta de oarder roppe moast, dan rjochtsje ik myn Geast nei boppen en dan is de emoasje of de lilkens, gau foarby.
Op dizze wize ûnderfyn ik GOD SYN Oanwêzichheid ek yn myn libben.
Lykas beskreaun, kin de Duvel dyn libben behearre  mar as GOD ZICH der mei bemoeien giet, moat de duvel omstean leare.


GOD dy’t der altyd west hat en der altyd wêze sil, hat it lêste Wurd.

Myn Bidden - yn’e moarn foar dizze Wrâld, it Minskdom, yn de rin fan de dei foar de Siken en de Fertrietliken, en yn'e jûn foar GOD en JEZUS,mei it Tankgebed - hawwe my werop’e Wrâld brocht.
Mar de echte ferbettering yn myn geastlike en fysike tastân is pas kommen doe’t ik wer bidden gie foar it iten en faker nei de Tsjerke begûn te gean.

 

Werom