GODtichtby

 Op it trottoir foar de Tsjerke


Dit Fizioen fûn plak op it trottoir foar de Roomske Tsjerke te Drachten, ik wie doe ± 27 jier âld.


Ik wie dochs mar in kear nei de Tsjerke gien en rûn nei de Mis wer nei bûten ta.
Ik gie lofts oer de stoepe nei myn auto.
Ik wie noch yn’e omkriten fan de Tsjerke, doe’t er figueren foar my en om my hinne kamen.

Ik bleau stean en GOD kaam efter my en Sei ; " DO MOAST BY HUN BLIUWE.

Ik hie der gjin boadskip oan en begûn in sigaret te roljen, wylst ik wer begûn te rinnen.
Dy’t foar my wiene reagearren fernuvere en woene my tsjin hâlde.

 

Ik hearde GOD freonlik Sizzen ; " LIT HIM GEWURRE "

en doe wie it fuort.

It wie yn de begjin perioade dêr’t GOD besocht my yn in feilige haven te loadsen, fuort út’e sompe, fan bangens en ûnferskillichheid. Mar ik wie al te lang út de Tjerkegang en wie net fan doel my dêr wêr oan te ferbinen.
De Duivelse ynfloeden hiene my goed yn’e hân en sa begûn ik oan in lange wei. ( werom )


 

Werom