| 
				Dit Fizioen barde by in benzine stasjon yn Drachten, ik wie doe 
				omtrint 48 jier âld. 
				Op in middei stie ik dêr te wachtsjen oant myn wein út de 
				waskstrjitte kaam en ik seach nei de ferljochting op de sydgevel 
				fan in hûs.De oanbrochte fersiering ferbylde it ferfier fan de krystman út, 
				twa rindieren dy’t in belslide lutsen.
 De skean nei boppen rjochte fersiering joech de yndruk dat se troch 
				de loft reizgen.
 Ynienen kaam in Stim efter my en ik hearde GOD tsjin in oar 
				Sizzen ;
 
 "DER BIN IK OP TSJIN, DAT LIT IK HIM WITTE " .
 
 Der waard noch mear sein, mar dit wie it boadskip.
 Doe't dat Fizioenbarde, wie ik fernuvere dat GOD HIM drok makke 
				oer ferljochting op in sydgevel, mar fuort dêrnei wist ik wat HY 
				bedoelde.
 Krysttiid heart te gean oer de berte fan JEZUS en oer hoe' 
				t MARIA yn ferwachting rekke fan GOD sûnder mei  man slept 
				te hawwen.
 De Krystman kreëarje sabeare troch de loft sweefend - mei 
				rindieren en kado's - in plak neist GOD en KRISTUS en dat heart 
				net.
 As jo GOD folgje wolle, dan lit jo de reade mûtsen, de 
				Krystman pakken en de muzyk, die't
 oan'e Krystman wijd is, yn de Winkel lizze.
 
 Ik wie dizze moeting, dit Fizioen al wer ferjitten, oant it momint 
				kaam dat wy in nij krystnûmer sjonge sûnen mei it Oerterper 
				Manljuskoar, een koar besteande út alle soarten minsken, 
				leauwich en net leauwich.
 It waard " rudolf the rêd nosed rendeer ".
 It liet giet oer in rindier - mei in reade noas, dy’t keazen 
				wurd om de Krystman op krystjûn te helpen.
 It liet makke wat yn my wekker en doe wist ik dat ik it net 
				sjonge woe.
 Ik haw it oan ferskate minsken - doe net yn detail -ferteld, dat 
				GOD der op tsjin wie en toen waard it liet al gau net mear song.
 
 |