GODtichtby

De Frede

Dit Fizioen krige ik op de haadstrjitte - de Weibourren - te Oerterp, doe’t  ik

± 16 jier âld wie.
 

It wie in simmerdei en ik wie op de haadstrjitte yn’e omkriten fan it yn die tiid kafee Gorter, no’t Jan Wijmenga Hûs.
Ynienen hearde ik 2 stimmen boppe foar my.
It gong oer de tsjinstplicht en der waard sein , " hy moat it leger yn "
Doe hearde ik GOD  Sizzen ;

 

 " DÊR WOL IK HIM NET YN HA, DO WIST WAT HIM DÊR LEARD WURD ”

Doe waard der sein , " wol der gjin plysje wurde ? "
GOD Antwurde ;

 

 " AS DER DAT DOCHT FEROARJE IK ALLES FOAR HIM "


Der wurdt sein dat ik se ûntwapen sil.
Ik woe gjin plysje wurde. Ik wit noch dat ik op dat stuit slim ûnwis wie en dat waard boppe ek opmurken.
De tsjinstplicht ferfoel foar wa’t yn it jier 1959 berne wie en sa Barde GOD'S Wil.

Ik hoegde net yn it leger.

Begjin septimber 2010 koe ik wurk krije op de fleanbasis yn Ljouwert.
De sterke oanwêzigens fan GOD op de foar ôfgeande jûne's en moarnsbetiid brochten my net op it idee om net te gean.
Mei GOD’S oanwêzichheid krige ik allinne mar it idee dat der wat te barren stie, al wist ik net wat .
It kwartsje foel op’e Basis.
Nei my te hawwen oanmeld ryd ik de poarte yn, om efter de útfierder oan nei de wurkplak te gean.
Geande wei krij ik in ûnbehaachlik gefoel en wit ik dat ik hjir net oan it wurk gean moat.
It besef dat GOD my net yn it leger ha woe, krige ik der pas goed troch.
Ienkear by it wurkplak oankommen wurd it gefoel fan ûnrêst en twivel allinnich mar grutter, en ik rjochtsje myn eagen nei boppen ta en freegje wat ik dwaan moat.
Dan komme der ferskate tinzen troch my hinne, as ik hjir bliuw, kin ik wol ophâlde mei it ferkundigjen fan it Leauwen en ik sil ek net wurde,dy’t ik wurde moat ; As ik fuort gean, dan haw ik gjin wurk mear.
Doe’t it troch my hinne gong, seach ik yn de rjochting wêr’t it wurk barre moast en in raar gefoel kaam oer my en ik seach en fielde de krêft fan it kwea.
Doe’t ik krekt oankommen wie, stie myn kollega wat te gekjeijen en sei : " hjir gebeure, Dûvelse wurken " en dat wie no krekt de yndruk dy’t ik der fan krige.
Doe haw ik it beslút nommen om fuort te gean.
Om dat ik ûnrêstich bleau haw ik my wer nei boppen ta rjochte en frege, wêrom dat sa wie. GOD troch bruts de ûnrêst - likas in skerm dat boppe my stikken sloan wurde - en der kaam rêst oer my hinne.

Ik haw de útfierder en de kollega útlis jûn oer GOD'S sterke oanwêzichheid en oer it Fizioen.
De kollega ( foarman ), woe dat ik werom gie nei it wurk dêr’t ik wei kaam, mar dat haw ik ôfwiisd.
Myn timmerjen wie in dat wurk net fan dyn aard, dat ik ( allinne) goed soe funksjo nearje.
De útfierder hy leaver earder berjocht hân - begryplik - en hy hie no, op dit stuit gjin wurk mear foar my.
Miskien dat wy yn de takomst wer ris te gearre dwaande kinne, sa tocht ik doe.


Mozes krige de 10 geboaden mei dêryn ; Jo sille net deadzje.
KRISTUS hat sjen litten, hoe je libje moatte.
Doe’t men HIM bedrige en deadzje woe, Bewapene JEZUS zich net.
Ek rôp HY net op om in leger te foarmjen en yn ferset te kommen tsjin de hearskjende klasse.
Nee, JEZUS liet HIM liede troch GODS GEAST om dêrmei de frede te bewarjen en dat is noch altyd de boadskip.


 

Troch alle Ieuwen hinne is GOD noch hieltyd dúdlik ; " JO SILLE NET DEADZJE ". En it ek net leare.


 

Werom